"Hieltyd mear jongeren harkje nei jazz"

Hieltyd mear jongeren harkje graach nei jazz. Dat seit foarsitter Hans Ritman fan Friejam, in organisaasje fan Fryske jazzmuzikanten. Neffens him komt dat omdat jazz harsels fernijt en hieltyd faker fermongen wurdt mei oare muzykstilen, lykas hiphop.
In tredde fan it publyk fan it North Sea Jazz Festival, dat dit wykein wie, wie ûnder de 25 jier. Dat is mear as ea. Neffens direkteur Jan Willem Luyken fan it festival makket jazz echt in oplibbing troch. Noch nea wiene alle 70.000 kaartsjes sa gau útferkocht.
Ritman nimt James Brandon Lewis as foarbyld fan immen dy't jazz mei hiphop fermingt. "Hij speelde dit op het festival. Een hele jonge knaap en een heel groot talent. Ik was er erg van onder de indruk." Ritman fernimt dat de belangstelling foar jazz ûnder jongeren ek yn Fryslân tanimt. "Er zijn steeds meer jongeren die zich aanmelden voor jamsessies bij Friejam." De organisaasje wol jazz op de kaart sette yn Fryslân.