Hertewinsken mantelsoargers gean yn ferfolling

Tsientallen winsken fan mantelsoargers út Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel bin yn novimber yn in saneamde 'winskbeam' telâne kaam. Mei jild fan de Vriendenloterij kin in tal dêrfan ek honorearre wurde. Moandei wie in tal mantelsoargers mei in ferlechje nei restaurant De Pleats yn Burgum lokke. Dêr hearden sy dat har winsken ferfolle wurde kin.
De famylje Spoelstra sil in dei fuort mei de hiele húshâlding, Frou Kuiper krijt in kultureel jûntsje oanbean en foar frou Hoekstra wurdt in famyljereüny organisearre.