Twahûndertste sinnepaniel dellein op swimbad De Welle

11 jul 2016 - 16:23

Op it dak fan swimbad De Welle yn Drachten is moandeitemiddei it twahûndertste sinnepaniel dellein. Direkteur Minne Dolstra fan Sportbedrijf Smellingerlân en wethâlder Marja Krans namen dat offisjele momint foar har rekken.

Yn totaal komme der mear as alvetûzen sinnepanielen op en by it swimbad, 860 op it dak en 318 op de grûn. Dy wekje sawol stroom as waarmte op. Sportbedrijf Smellingerlân hat subsydzje krigen om de sinnepanielen oan te skaffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)