Drone iepenet ûnderwetterwrâld foar ûndersikers

Foar ûndersikers giet der in wrâld iepen no't der in drone ûntwikkele is om ûndersyk te dwaan ûnder wetter. De drone is makke troch It Wetterskip Fryslân, Hegeskoalle Van Hall Larestein en it bedriuw Indymo en waard moandei presintearre.
De miny-dûkboat kin ûnder oare de wetterkwaliteit mjitte, bygelyks hoefolle soerstof of stikstof der yn it wetter sit. Mar de drone hat noch folle mear funksjes. Sa sit der in kamera foaryn, wêrmei de hiele ûnderwetterwrâld folge wurde kin.
De brûkberens is grut om't der in soad ferskillende sensoaren op sitte. Sa kin de drone ynset wurde foar it registrearjen fan feroaringen yn de wettertemperatuer, fan bisten dy't fêstsitte yn in fûke en foar in bettere kontrôle op útstoartingen yn it wetter, sa seit Paul van Eijk fan Van Hall Larenstein. Nei alle gedachten is it de earste ûnderwetterdrone yn Nederlân.