Bewegingsgoeroe: Neat dwaan is gjin opsje

11 jul 2016 - 14:15

We moatte mear bewege en benammen minder sitte. Want dat sitten, dat dogge we te faak en te lang, sa blykt út ûndersyk fan it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu). It sterkst jildt dat foar jongeren tusken 12 en 20 jier. Dy sitte gemiddeld 10,4 oere deis. Tefolle sitte betsjut in koartere libbensferwachting en mear kâns op sykten.

'Bewegingsgoeroe' Joan Boelens fan Drachten is dwaande mei projekten om minsken mear bewege te litten, sadat se sûner âld wurde. Dit begjint neffens Boelens by belied foar jongerein.

Mear bewege, minder sitte

"Je moatte der enerzjy yn stekke. Dat begjint mei opfieding en mei belied", sa seit Boelens. "De oerheid soe ynsette moatte op fêstichheden yn it ûnderwiis. Sawol yn it basis- as it fuortset ûnderwiis moat it normaal wurde om eltse dei oan beweging te dwaan." As jongerein, mar ek alderein, net foldwaande bewege, kin dit yn de takomst grutte gefolgen hawwe foar harren sûnens. Der moat dêrom aksje ûndernaam wurde. Boelens: "Je moatte wat oan beweging dwaan. Neat dwaan is gjin opsje."

Trefwurden: 
Joan Boelens bewege
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)