"Takomst op de Iselmar"

28 apr 2012 - 09:01

Yn de takomst bliuwt der wurkgelegenheid op de Iselmar. Dat sei foarsitter Nooitgedagt fan it Fiskersbûn freed by de start fan it edukatyf projekt 'Iselmarfiskjen'.
Trije fiskkotters út Hylpen en Starum gongen de Iselmar op, mei Hylper skoalbern oan board, om op iel te fiskjen.

Doel wie om de bern sels ûntdekke en ûnderfine te litten hoe't it libben fan in Iselmarfisker der út sjocht. Nooitgedagt sei dat der net allinnich takomst sit yn de fiskerij, mar ek yn oare maritime beroppen.

Hy hopet dat troch dit projekt mear bern belangstelling krije foar de natoer en it fiskjen. Oan it projekt 'Edukatyf Iselmarfiskjen' kinne skielk alle Fryske basisskoallen meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)