Michel Bletterman twivelet oer reserverol

11 jul 2016 - 13:09

Turner Michel Bletterman wit noch net oft er reserve wêze wol by de manljusturnploech. De Ljouwerter is troch it gymnastykbûn net selektearre foar de Olympyske Spelen. Bletterman is frege oft er him beskikber hâlde wol as reserve, mar dêr wol hy noch even oer neitinke.

Ek Casimir Schmidt is frege foar in reserverol, beiden soene dan yn Nederlân achterbliuwe om hjir te trainen. "Het is zwaar dat je niet eerste keus bent, bovendien krijg je dan weer een onderlinge strijd", seit Bletterman yn in reaksje.

De turnploech dy't 26 july nei Rio giet, bestiet út Epke Zonderland, Bart Deurloo, Yuri van Gelder, Jeffrey Wammes en Frank Rijken.

Trefwurden: 
turnjen Michel Bletterman Rio
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)