"Meitsje kursus 'auto te wetter' ûnderdiel fan rydbewiis"

Witte wat je dwaan moatte as je mei de auto yn it wetter reitsje. Dat moat ûnderdiel wurde foar it beheljen fan it rydbewiis. Dat fynt swimynstrukteur Arnold van Oostrum fan Ljouwerter swimbad de Blauwe Golf. It ûngelok ôfrûne wykein yn it Drintske Stieltjeskanaal wêrby't fjouwer minsken omkaam binne, ropt no de fraach op oft minsken wol witte wat je it bêste dwaan kinne yn sa'n situaasje.
Kursus
Hjoed-de-dei wurde der wol kursussen 'auto te wetter' organisearre, mar dizze wurde benammen folge troch plysjeminsken, de brânwacht oft rydskoalle-ynstrukteurs, sa seit de ynstrukteur fan it swimbad dêr't koartlyn ek sa'n kursus organisearre waard. Fierder is der ûnder de measte minsken net genôch bekend oer soksoarte fan ûngelokken.
Advys
De ljochten fan de auto oansette en dêrnei sa gau mooglik út de auto: Dat is it advys fan de ynstrukteur. Net wachtsje oant de auto ûnder wetter is mei de gedachte dat it drukferskil dan minimaal wêze soe. ''Dat is vooral de visie die mensen vroeger hadden en zo geleerd is. Mensen moeten bekend worden met dit soort situaties. Met die rottelefoons van tegenwoordig en drank en drugs achter het stuur is er weinig aandacht voor dit soort ongelukken maar het resultaat is zeer ingrijpend en mag zeker niet onbelicht blijven'', sa seit Van Oostrum.
En wat moatte je bygelyks dwaan as je sjogge dat in auto it wetter yn rekket? ''Zo snel mogelijk professionele hulp inschakelen''. Neffens de ynstrukteur moatte je net samar it wetter ynspringe, allinnich as je hiel goed swimme kinne. Boppedat hawwe oare helptsjinsten neffens him bettere apparatuer om de minsken út de auto te heljen.