Jildtekoart driget foar fernijbouplannen doarpshûs Rie

11 jul 2016 - 11:54

Der driget in tekoart foar de fernijbouplannen fan it doarpshûs yn Rie. It is de bedoeling dat De Rede renovearre wurdt en dat der in stik nij oanboud wurdt. De kosten wurde rûsd op 6 ton, mar net earder as yn septimber wurdt dúdlik wat der echt betelle wurde moat. Dan komme de ferskate oannimmers mei harren prizen. En dan wurdt ek pas dúdlik oft der in tekoart is en hoe grut dat tekoart dan krekt is.

Bydrage Frjentsjerteradiel

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel sei tongersdei net mei ekstra jild oer de brêge komme te wollen, mocht der in tekoart wêze. Dat betsjut dat de wurkgroep op syk moat nei oare jildboarnen of in tydlike jildliening ôfslute moat. In lêste poging om dochs noch wat ekstra jild fan de gemeente te krijen, is neffens de wurkgroep ek noch in opsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)