Motorrider pakt dy't 70 km te hurd rydt

11 jul 2016 - 11:01

It ferkearsteam fan de plysje hat snein twa rydbewizen fan hurdriders yn beslach naam. In 23-jierrige motorrider út De Knipe ried mei 120 kilometer oer de Weinmakker op It Hearrenfean, dêr't 50 kilometer tastien is.

In 61-jierrige Ljouwerter ried mei 161 kilometer oer de N31 by Kimswert, wylst dêr 100 kilometer it maksimum is. Dêrneist hat it team holpen by de oanhâlding fan in 51-jierrige Lemster skipper, dy't mei te folle drank op syn boat bestjoerde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)