Learlingen De Stobbestjelp wolkom hjitten op nije skoalle

Learlingen fan basisskoalle De Stobbestjelp yn Vegelinsoard binne moandeitemoarn wolkom hjitten op harren nije skoalle. De Stobbestjelp slút dizze simmer nei 132 jier. Om't dit de iennige basisskoalle fan it doarp is, moatte de 21 learlingen nei in nije skoalle. 15 fan har sille no nei obs It Haskerplak yn Aldehaske. Dêr waarden se opfongen troch de direkteur fan De Stobbestjelp, Bert Kampherbeek. De bern meie dizze wike al nei harren nije skoalle komme, om alfêst te wennen oan de nije omjouwing en de nije klassegenoaten.
Dit moat de feroaring foar de skoalbern wat minder yngripend meitsje.