F16 ûngeskikt foar drege missy

28 apr 2012 - 08:30

De F16's fan de Ljouwerter fleanbasis moatte heechnedich ferfongen wurde, omdat se net mear geskikt binne foar drege missys as yn Afganistan of Libië. Dat seit de kommandant fan it 323-squadron fan de fleanbasis, nei oanlieding fan de oefening Frisian Flag.

Neffens de kommandant hat by de oefening bliken dien dat de F16's komplekse operaasjes net mear oankinne. De oefening sels is goed ferrûn.

Der wurdt noch wol ûndersyk dien nei in ynsidint boppe it Dútske Sylt, wêrby in dielnimmer oan de oefening hast yn botsing kaam mei in passazjiersfleantúch. Om it Sweedske leger de kâns te jaan syn militêren en materiaal wer op te heljen, is de fleanbasis hjoed in pear oeren ekstra iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)