Team CLAFIS Victron wint Dutch Solar Challenge 2016

It team Clafis wint de 6e edysje fan de Dutch Solar Challenge © Dutch Solar Challenge
De Dutch Solar Challenge is dit jier wûn troch it Team CLAFIS Victron út Ljouwert. Se wiene úteinlik de fluchsten nei ûnder oare de trije etappewedstriden fan 60 kilometer. Se leine de 180 kilometer ôf yn 4.10.08 oere. Dêrmei fersloegen se de konkurrinten fan de technyske universiteit fan Delft.
De útslach fan de sinneboaterace liet wat langer op him wachtsje, omdat sneon de lêste race yn de spielende rein einige en in soad teams dêrtroch net op tiid by de finish in de Prinsetún yn Ljouwert komme koene.
De folsleine útslach is te finen op www.dutchsolarchallenge.nl