SKS skerpet feilichheidsplannen fan skûtsjesilen oan

10 jul 2016 - 17:52

De SKS hat de ôfrûne wiken alle feilichheidsplannen foar it skûtsjesilen tsjin it ljocht hâlden. De "update" is mei ynjûn troch de ramp mei de monstertruck yn Hardenberg fan in pear jier lyn, mar ek de driging fan in terrorisyske oanslach.

De SKS hat al jierrenlang in goed kontakt mei de Veiligheidsregio Fryslân, de provinsje en de gemeenten, mar it is neffens René Nagelhout fan de SKS goed om de saken wer ris oan te skerpjen. It SKS-skûtsjesilen wurdt dit jier hâlden fan sneon 30 july oant en mei freed 12 augustus.

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen feilichheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)