Brom- en snorfytsers op de bon foar riden mei drank op

© ANP
It ferkearsteam Noard-Nederlân hat sneontenacht in grutte alkoholkontrôle hâlden ûnder brom- en snorfytsers yn Ljouwert. Yn totaal waarden der 86 bestjoerders kontrolearre. Njoggen fan harren krigen proses-ferbaal foar it riden mei drank op.
Fan twa begjinnende bestjoerders waard it rydbewiis ynnaam omdat sy fierstente folle drank op hiene. Acht brom- en snorfytsers hiene gjin jildich rydbewiis. Fierders ried der ien sûnder helm en in oar mei in mobyltsje yn de hân.
Ek in automobilist krige proses-ferbaal foar it riden mei drank op.