Automobilist oanhâlden nei iensidich ûngelok op A7

© De Vries Media
In 36-jierrige automobilist fan Snits is sneontejûn oanhâlden nei in iensidich ûngelok op de A7 by Aldehaske. Neffens de plysje hie de man drank op en ried er sûnder rydbewiis. De Snitser wie mei de auto fan 'e dyk rekke en yn in sleat bedarre.
Hy rekke dêrby licht ferwûne, syn 33-jierrige passazjiere út Burgum moast mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht wurden. De plysje hat in bloedproef ôfnaam by de man en docht neier ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.