Alyda Norbruis Classic: 40 kilometer hurdfytse mei Alyda

10 jul 2016 - 09:15

De 40 kilometer rûte by de kommende Pieter Weening Classic krijt in spesjale namme, nammentlik de Alyda Norbruis Classic. De paralympyske hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp sil de rit sels ride mei in groep fan 40 minsken. De groep bestiet út bestjoersleden, sponsoaren en oare belangstellenden fan de Stichting Kopgroep Alyda. Dizze stichting set har yn foar jonge sporters mei in beheining. Belangstellenden kinne har noch opjaan.

De Pieter Weening Classic en de Alyda Norbruis Classic wurde ferriden op sneon 23 july, mei start en finish yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
Alyda Norbruis hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)