Plysjehelikopter ynset by fermissing man út Ie

09 jul 2016 - 22:15

De plysjehelikopter is sneontejûn ynset by in sykaksje nei in fermiste man út Ie. De man fan 50 jier is sûnt sneontemiddei fermist. Hy is 1.84 meter en hat in spikerbroek oan, in t-shirt en brune learen skuon. Hy is fuortgien op in reade fyts mei swarte tape op de stange. De plysje hat ek in oprop fia Burgernet dien.

Trefwurden: 
plysje fermissing Ie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)