Jitse Kramer twadde sterkste man fan Nederlân

Argyffoto © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Sterke man Jitse Kramer is sneon twadde wurden op it NK yn Zwolle. De yn Ferwert berne 'krachtpatser' moast Alex Moonen út Limburch foar him dulde. Dy wie yn 2014 ek de sterkste man, wylst Jitse de titel ferline jier binnenhelle.
De dielnimmers moasten seis ûnderdielen dwaan wêrûnder beamstam smite en frachtwein lûke. Op it ûnderdiel 'stones' wie Kramer hiel rap, mar Moonen hie al sa'n foarsprong dat Kramer him net mear foarby koe. It kampioenskip is hast twa oeren stillein fanwegen it minne waar.