Turners moatte har kwalifisearje foar Rio

09 jul 2016 - 18:34

It wie foar de Fryske turners sneon in spannende dei yn Sportstêd Hearrenfean. Op it OKT wurdt útmakke wa't mei nei Rio giet foar de Olympyske Spelen. Epke Zonderland en Michel Bletterman kamen yn aksje op de lêste kwalifikaasjewedstriid foar it team dat nei de Spelen sil.

Epke kaam op twa tastellen yn aksje. Op rek foel er en waard er fjirde. Op de brêge die er in oanpaste oefening en waard er tredde. Nei alle gedachten wurdt de Lemster wol oanwiisd foar it team om’t er spesjalist is op rek. Mei elkoar geane fiif turners nei de Spelen.

Foar Michel Bletterman wurdt it noch spannend oft er nei Rio mei. Hy waard tred, mar oft dat genôch is, wurdt snein dúdlik. Céline van Gerner waard fjirde, ek sy moat ôfwachtsje oft dat genôch is.

Trefwurden: 
turnjen Rio Epke Zonderland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)