Stefan van der Pal en Geke Venema winne Frysman-triatlon

09 jul 2016 - 16:49

Stefan van der Pal út Ljouwert is sneon de winner wurden fan de twadde edysje fan de hiele triatlon De Frysman. Op it Reaklif kaam Van der Pal nei 9 oeren, 21 minuten en 36 sekonden oer de einstreek en wie dêrmei mei oermacht de bêste. De Ljouwerter ferbettere it parkoersrekôr mei mar leafst tsien minuten. It twadde plak wie foar Daniël Nagel út Naarden dy't in tiid klokte fan 9.36.34. Ramon van der Wilde út Vlaardingen waard tredde mei 9.53.02.

Geke Venema fan Easterlittens waard winneres by de froulju. Sy sette de klok stil op 10.51.52.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)