Feanster rydt mei lekke bannen en hat himp yn 'e hûs

© ANP
De plysje hat freedtenacht op It Hearrenfean in 29-jierrige man út dat plak oanhâlden. De plysje fertinkt him derfan dat hy ûnder ynfloed fan drugs yn in auto ried. De man foel op, omdat hy mei lekke bannen ried. Nei in efterfolging waard de auto fûn foar in hûs yn de Wulpstrjitte. De man wie it hûs al yngien.
Op it momint dat hy de doar iependie, rûkten de plysjes in sterke himplucht. Yn it hûs fûnen se in ûntmantele himpkwekerij en sekken mei himp. Alles is yn beslach naam. De man hie ek noch meardere boetes iepenstean.
Hy is meinommen nei it buro foar in bloedûndersyk en ynsletten foar neier ûndersyk.