Kemkers iepenet jûn oer smookfrije generaasje yn Oerterp

09 jul 2016 - 11:11

Sportcoach Gerard Kemkers iepenet yn septimber yn Oerterp in jûn, dêr't praat wurde sil oer in jonge smookfrije generaasje. It is in inisjatyf fan húsdokter Hilly ter Veer, opset yn gearwurking mei Verslavingszorg Noord-Nederland.

Foar har oplieding is Ter Veer dwaande mei in opdracht foar in projekt foar de folkssûnens. De húsdokter hat har as doel steld: Hoe krije we in smookfrije jonge generaasje? Se hat alle ferieningen fan it doarp, wêrûnder pleatslik belang en alle sport- en muzykferieningen, útnûge om dêroer te praten.

De brainstormjûn wurdt op 16 septimber holden yn multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)