Fuotbalster Sisca Folkertsma by seleksje EK ûnder 19

Sisca Folkertsma (l) © Omrop Fryslân, Andor Faber
Fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat sit by de definitive seleksje foar it EK ûnder de 19 jier, dat fan 19 july ôf spile wurdt yn Slowakije. Folkertsma komt yn de kompetysje út foar PSV. Lisanne van der Wal fan De Jouwer is net selektearre. Van der Wal spile dit seizoen foar SC Hearrenfean, mar giet takom seizoen nei it Dútske Cloppenburg. Op it EK dogge acht lannen mei. It toernoai duorret oant 31 july.