Moetingsplak foar jongerein yn Eastersee

Yn Eastersee is freedtemiddei in moetingsplak foar jongerein iepene. Spesjale gast by de seremoanje wie sportman fan it jier Sjinkie Knegt. It plak bestiet út in 'pannafjild' om op te fuotbaljen, in ynteraktive wand, in skeelerbaan en in kabelbaan. 'In boppeslach', neffens Marieke Boon fan de wurkgroep dy't it inisjatyf naam hat foar it moetingsplak. Boon seit dat der foar jongerein tusken de 8 en 18 jier net in soad te dwaan wie yn it doarp. Der is wol in boarterstún, mar dêr wie dizze kategory te âld foar.
Bûten boartsje
Yn it projekt stiet bûten boartsje en it kontakt mei elkoar sintraal. De jongerein hat ek de ferantwurdlikheid om der foar te soargjen dat it terrein netsjes bliuwt. Troch it ynbouwen fan in ynteraktive wand is der ek tocht oan jongerein dy't fan kompjûterjen hâldt. Mei de wand kinne de bern ynteraktive fuotbalspultsjes spylje mei minsken oer de hiele wrâld.