Bestjoerder op de flecht rekket yn de sleat yn Earnewâld

08 jul 2016 - 22:01

Op de Alle Om slachte tusken Earnewâld en Aldegea is freedtejûn in auto op de kop yn de sleat telâne kaam. De bestjoerder hie in stopteken fan de plysje negearre en wie op de flecht slein, mar bedarre dus yn it wetter. Hy rekke net ferwûne. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, werûnder in traumahelikopter. Mar dat wie dus net nedich. De plysje hat de dyk in skoftsje ôfsletten om ûndersyk te dwaan nei it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok auto yn sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)