Geuzegat yn Frjentsjer nei hûndert jier wer iepen

08 jul 2016 - 21:36

It ferneamde Geuzegat yn Frjentsjer is wer iepen. De iuwenâlde gong ûnder it Bolwurk troch dy't yn de Tachtichjierrige Oarloch brûkt waard om minsken stikem de stêd yn en út te krijen, is foar 20.000 euro restaurearre. Hûndert jier lang hat de tunnel ôfsletten west.

Toeristen
Jan Pieter Verhoog, dy't neist it Geuzegat wennet, sette him yn om de tunnel te restaurearjen. Hy hopet dat de nije trochgong in soad belangstelling lûkt fan toeristen.

Noch in gong
Der is ek noch in oare gong fûn yn it Geuzegat. Verhoog soe hiel graach sjen dat der útsocht wurdt wêr't dy hinne liedt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)