Gouden Swipe foar sechsde kear nei Hiltje Tjalsma

08 jul 2016 - 19:37

Hiltje Tjalsma fan Blauhús wûn freed foar de sechsde kear de draverij om de Gouden Swipe. It wie ek no wer gesellich drok by de Jouster draverijen op de tradisjonele Swipedei. De Harddraverij- en Renvereniging Joure set him al sûnt 1885 yn foar de drafsport en organisearret op de sfearfolle Nutsbaan alle jierren de striid om de Gouden Swipe en yn septimber de Jouster Merkekoersen. De Gouden Swipe 2016 wie dus foar Hiltje Tjalsma, dit jier mei it hynder Dream of Renka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)