Rjochtlinen foar ôffaloprommers Waadkust

Stichting Rijke Waddenzee hat rjochtlinen opsteld om frijwillige skjinmakkers fan it Waadseestrân op it goeie paad te hâlden. Noch te faak rinne goedwillige ôffaloprommers briedgebieten fan fûgels yn, en fersteure de natuer.
Doutzen
Oanspield plastik is in grut probleem op de Waadstrannen. Sûnt fan 'e wike stiet it 'jutten' fan rommel goed yn de belangstelling troch ús eigen topmodel Doutzen Kroes. Sy promoatet it opromjen fan plastik yn reklames fan frisdrankmerk Rivella. Ek wurde der himmeltochten op it Waad organisearre.
Tips
Om der foar te soargjen dat amateurnatuerbeskermers de natuer ek echt helpe binne der no rjochtlinen opsteld. Dêr steane tips yn oer wat je dwaan moatte mei troep op it strân. Sa binne lytse stikjes plastik it belangrykste om op te romjen, want dy soargje yn de natuer foar de measte skea. En: kom net yn de briedgebieten. Ek al leit der in soad smoargens, je dogge de natuer dan mear kwea as goed.