Fan 2017 ôf iisspeedway op Thialf

© ANP
Yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean sille fan 2017 ôf iisspeedway-wedstriden organisearre wurde. Dat binne Thialf BV en Motorclub Assen en Omstreken oerienkaam. It giet om in oerienkomst foar trije jier. Motorclub Assen wie op syk nei in nije lokaasje, omdat de iisbaan yn de Bonte Wever yn Assen tichtgien is. Nei 45 jier moast de club út Assen wat oars. Heal augustus sil de baan fan Thialf keurd wurde. Yn maart 2017 sil dan foar it earst riden wurde op It Hearrenfean.
Iisspeedway is in tak fan de motorsport wêrby't races op it iis ferriden wurde.