Twa ûngelokken op A7: ien persoan ferwûne

© ANP XTRA
Op de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten ter hichte fan Terwispel ha freedtemiddei twa oanridingen plakfûn. By it earste ûngelok wiene fiif auto's belutsen en is ien persoan ferwûne rekke. By it twadde ûngelok gie it om in frachtwein en meardere auto's. Ferskate helptsjinsten moasten der oan te pas komme. By it twadde ûngelok is gjin ien ferwûne rekke. Der ûntstie in file fan sa'n 7 kilometer. De dyk wie in skoftsje hielendal ticht.