Fûgelwachtershúske op De Kalkman is ta oan ferfanging

08 jul 2016 - 13:45

As it waar en de Waadsee in bytsje meiwurkje, sitte de earste fûgelwachters fan Steatsboskbehear oer oardel wike yn it nije fûgelwachtershúske op De Kalkman. De sânplaat op sa'n fiif kilometer fan de Fryske kust leit tusken It Amelân en Skiermûntseach. It âlde ikoanyske fûgelwachtershúske wie op en wurdt dizze dagen ferfongen. Eins soe it wurk freed al dien wêze, mar it húske stiet noch net op de fundearring. De fertraging komt trochdat de oannimmer net altiten by de lokaasje komme kin.

It nije ûnderkommen is rommer en leit op 800 meter fan de âlde lokaasje. Dat is mei dien omdat it tichteby de fargeul is en omdat besikers net mear troch in heechwetter flechtplak foar fûgels hinne kuierje op wei de fûgelwachters. It plan is om sneon it nije húske mei in grutte kraan op de fundearring te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)