"Dy ferpleechhuzen, dat is in dikke bende man!''

"Dy ferpleechhuzen, dat is in dikke bende man, se litte de minsken gewoan yn 'e smoargens lizze!" It wie ien fan de opmerkings op de Ljouwerter freedsmerk oer de kwaliteit fan de soarch yn ferpleechhuzen. Dy blykt yn in soad Nederlânske ynstellings ûnder de maat, neffens in rapport fan de ynspeksje.
Der wienen lykwols ek positive berjochten oer huzen dêr't it krekt hiel goed giet en personiel leafdefol har wurk docht. "Mear hannen oan it bêd, minder wurkdruk foar it personiel en fuort mei de djoer betelle managers", dat wienen de meast hearde oplossings.