Minderjierrige famkes lestich fallen op De Lemmer

© ANP XTRA
Twa minderjierrige famkes binne woansdeitemiddei lestich fallen op De Lemmer. Yn de Albert Koopmanstrjitte krigen se fan in man fan in jier as 60 in briefke. Dêrop stie dat er foar 50 euro de famkes in klap op 'e bleate kont jaan woe. De man wie yntusken útnaaid yn syn auto. Beide famkes hawwe it foarfal fuortendaliks ferteld op skoalle.
Mei in learaar ha se melding dien op it plysjeburo. Mooglik folget letter noch in oanjefte. De plysje siket earst út wat der krekt bard is.