Opnamen foar searje Dokter Tinus by Allema State yn Aldwâld

Telefyzjestjoerder SBS is dizze wike yn Fryslân dwaande mei opnamen foar de searje Dokter Tinus. Freed is de ploech, mei haadrolspilers Thom Hoffman en Tygo Gernandt, oan it filmjen yn Aldwâld. Dat dogge se by it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân: de Allema State.
It âlde wenhûs is boud yn 'e fjirtjinde iuw, mar stiet al sûnt 2007 te keap. Eigener Andreas Schelfhout is net mear yn steat om al it ûnderhâldswurk te dwaan oan sa'n âld gebou, omdat er op leeftyd is.