Bedriuwen fan KwadrantGroep oernommen troch JenS Beenhakker

08 jul 2016 - 08:53

JenS Beenhakker nimt it Hulpmiddelen Centrum, Lammert de Vries Revalidatietechniek, Revatech en Groene Kruis Winkel oer fan de KwadrantGroep út Drachten. It kontrakt is tongersdei ûndertekene. It Hulpmiddelen Centrum, Lammert de Vries Revalidatietechniek, Revatech en Groene Kruis Winkel bliuwe ûnder har eigen namme wurkjen fan seis fêstigings yn Noard-Nederlân út.

De oername hat gjin gefolgen foar it personiel, alle meiwurkers komme yn tsjinst by JenS Beenhakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)