Kollum: ''Ronja de Roversdochter''

08 jul 2016 - 08:33

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''Us mem woe graach mei fakânsje nei Noarwegen. Us heit krimmenearre wat, hy seach himsels leaver sitten op in campingstuoltsje yn de sinne, mei in lekker gleske wyn yn de hân. Want dat is dêr sawat in mission impossible. De sinne is meastentiids mei fakânsje en de fleskes wyn binne net te beteljen.

Mar, sa as de measte mannen dogge, se mopperje wat, en gean dan efter harren frou oan. Want dy soarget foar aksje. En foar plakken dêr't je noch nea west ha. Sa as de fjorden yn Noarwegen. En as se der dan ienkear binne, dan fine se it skitterjend moai. 

Dus kampearren ús heit en mem midden yn de natuer oan de rivier. De boadskippen wienen yndied net te beteljen, in gleske bier 7 euro, mar dat hindere neat want je koene wetter sa út de rivier drinke en as je echt je bêst dienen, dan koene je de fisk ek sa yn je panne kletterje litte. Myn omkes Jan en Harm hienen der wol ried mei witten as se der noch wienen. It koe der donkerder as donker wurde. En stiller as stil. 

Us heit krige ek noch ris in trip down memory lane kado, want op ien fan de campings wienen gjin wc's mar noch âlderwetske húskes. Tontsje, doarke derfoar en sa gau mooglik pisje foardat de boel ferklomme. Krêkt as eartiids by him thús op de buorkerij. 

Us mem fertelde oer de de enoarme bosken en de fjorden. Dat se mystyk oandogge. De see is dêr hiel beweechlik mar it wetter yn de fjorden is roerleas. Also sprach ús mem. Ik moast direkt oan elfkes en trollen en bosnimfen tinke en oar mytysk gespús. " Krêkt wat foar jim!", sei mem. "Al dy skitterjende, ûnoantaaste natuer." "Ik moat der net oan tinke!", rôp ik.

Ik bin nammentlik bang foar dat mytysk sprookjesgespuis. Dat se my nachts pleagje as ik nei it húske moat en gjin hân foar eagen sjoch. Komt allegearre troch Astrid Lindgren, myn jeugdheld. In fantastyske frou. Har boeken ha myn libben sawat bepaald. Troch har wurk woe ik 'skriuwster' wurde. Troch har woe ik letter yn in Villa Kakelbont wenje en in broer as Jonatan (sorry JW) sa as yn Gebroeders Leeuwenhart. En Ronja fansels. Ronja de Roversdochter. Dat boek hat him djip yn myn fantasy nestele.

Ronja is in hiel stoer famke, dat allinnich it wâld yngiet. Se hâldt fan it sûzjen fan de beammen, is net bang yn it donker, ek al sjocht se eachjes flonkerjen. It binne de eachjes fan de 'Aardmannen', mei wûnderlike, grauwe, âlde stimmen. Se komt each yn each te stean mei de Vogelheksen, aaklike fleanende wiven mei grutte klauwen en skelle stimmen, en trollen. Ronja kin se allegearre wol ha.

Ik woe as bern graach Ronja wêze, mar ik moat earlik sizze: sûnt it boek fan Astrid Lindgren ha ik in hekel oan bosken. Ik tink noch altyd dat er trollen en moenen, aardige mar hiele onnoazele wêzentsjes, efter beammen en strûken weikomme om my de skrik oan te jagen. As ik yn de winter as bern yn it tsjuster nei hûs rûn by myn buorfamke wei, mar in meter as fyftich, tocht ik dat de beammen 'Nynke, Nynke' rôpen.

Bernefantasij kin nochal hardnekkich wêze. Ik hoopje dat ús dochter Astrid Lindgren en Ronja de Roversdochter krekt sa geweldich fine sil as ik, en dat se de bravoer fan Ronja ek in bytsje meikrijt mar ik wachtsje dochs mar efkes in jier as tweintich mei it foarlêzen. Foar de wissichheid begjin ik dochs earst mar mei Pippi Langkous. Kin sy letter gewoan nei Skandinavië op fakânsje.''

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)