Pjutte-opfang Dongeradiel oernaam, fêst kontrakt liedsters

08 jul 2016 - 07:56

De Stichting Kinderopvang Friesland nimt de pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oer. De oare oernamekandidaat, Kids First, luts him tongersdei werom. De achttjin pjutteliedsters yn Dongeradiel krije by de SKF in fêst kontrakt, Kids First koe net foldwaan oan dy eask. Dy eask stelden de riedsleden ferline wike yn de riedsgearkomste. Wethâlder Pytsje de Graaf moast der yn de ûnderhannelingen foar soargje dat de liedsters net allinnich in fêst kontrakt krije soene, mar ek alle opboude arbeidsrjochten hâlde soene.

PvdA-foarsitter Kootje Klinkenberg is bliid dat der no dúdlikheid is foar de pjutteliedsters. ''De flagge kin út. De druk op de wethâlder hat holpen. It is moai dat de pjutteliedsters no witte wêr't se oan ta binne en mei dat gefoel de fakânsjeperioade yn kinne'', seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)