Undersyk De Sionsberg: sikehûs hat besteansrjocht

De ynwenners fan Noardeast-Fryslân witte sikehûs De Sionsberg út Dokkum wer te finen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat it sikehûs sels útfierd hat. De Sionsberg hat in roerige perioade efter de rêch. De soarchynstelling siet finansjeel yn swier waar en waard yn jannewaris 2015 noch fallyt ferklearre.
Letter koe der dochs noch in trochstart makke wurde. Neffens direkteur Peter Lalkens fan De Sionsberg docht bliken út it ûndersyk dat it sikehûs besteansrjocht hat.