Hype ûnder Friezen: op fakânsje mei ûnbekende bestimming

Ferrassingsreizen sitte yn de lift. Dit binne reizen wêrby't de reizger yn it foar net wit wêr't er hinne sil op fakânsje, mar dat oerlit oan it reisburo. It buro makket in kar en lit de reizger pas op it fleanfjild witte wêr't de reis hinne giet. Dit moat de spanning en it aventoer fan de reis grutter meitsje. Ien fan de reisburo's dy't dit soarte fan reizen oanbiedt is Klompsma út Aldemardum. Sy hawwe it konsept twa jier lyn betocht en fernimme dat dit in tige populêre wize fan fakânsje fieren is.
It giet it bedriuw sa goed, dat se ferwachtsje de kommende jierren fierder út te wreidzjen.