SC Hearrenfean spilet foarearst yn KiKa-shirts

07 jul 2016 - 22:08

Yn ôfwachting fan in nije haadsponsor spilet SC Hearrenfean foarearst mei de Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa) op it shirt. Freed spilet de ploech fan Jurgen Streppel foar it earst mei it goeie doel op it boarst yn de oefenwedstriid tsjin FC Emmen. De grutste kandidaat om haadsponsor te wurden is De Haan Westerhof. De direksje fan SC Hearrenfean ûnderhannelet al wiken mei it Drachtster bedriuw dat docht yn sinneskermen, rollûken en kezinen.

De Haan Westerhof is in bedriuw mei 130 wurknimmers mei, njonken Drachten, fêstigings yn Grins en Veldhoven. De ôfrûne 15 seizoenen wie Univé haadsponsor fan SC Hearrenfean. De fersekerder ferhuzet takom seizoen nei de achterkant fan it shirt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)