Kavels nijbouwyk Wiarda hast allegear ferkocht

Ljouwerters dy't in hûs bouwe wolle moatte der rap by wêze, want de kavels binne hast op. Dat sei wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert by de iepening fan in fyts- en boattrochgong nei de nije wyk Wiarda. Tongersdei waard bekend dat de wenningferkeap yn Fryslân mei 19 prosint omheech gongen is. Yn de nijbouwyk Wiarda binne hast alle kavels fuort. De bou yn it nije doarp de Klamp yn Súdlannen sil rap útein sette.