Friezen krije enerzjy út eigen ôffal

07 jul 2016 - 20:25

Offalferwurker Omrin hat tongersdei it earste selsprodusearre griene gas op it publike enerzjynet set. Hjirmei kinne alle jierren tsientûzen húshâldens fan gas foarsjoen wurde. Der is fiif miljoen euro ynvestearre yn de ynstallaasje dy't fan biogas dit griene gas makket. In part dêrfan wurdt brûkt foar de brânstof fan de eigen auto's fan Omrin. De rest kin ferstookt wurde troch ynwenners fan Fryslân. Dy krije sadwaane gas fan har eigen ôffal, seit Omrin.

Trefwurden: 
grien gas Omrin brânstof
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)