Ljouwert krijt foarearst gjin azc

07 jul 2016 - 19:56

Der komt foarearst gjin azc yn Ljouwert. Dat hawwe it COA en it ministearje fan feilichheid en justysje tongersdeitejûn bekend makke. Der is neffens har gjin ferlet mear fan in azc yn de stêd, troch de legere ynstream fan flechtlingen op dit stuit. It legere tal flechtlingen soarget derfoar dat it neffens it COA finansjeel net helber is om in azc yn Ljouwert te realisearjen.

Der soe dit jier yn Ljouwert romte komme foar 600 flechtlingen yn it eardere postsortearsintrum oan de Snekertrekwei, foar de perioade fan tsien jier.

Trefwurden: 
AZC Ljouwert COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)