Doutzen Kroes: 'Waad is unyk stikje natoer'

Fotomodel Doutzen Kroes fan Eastermar set har kommende simmer yn foar it behâld fan it Waadgebiet. Doutzen is te sjen yn in nije commercial fan frisdrank Rivella. Deryn wurdt in oprop dien de strannen by de Waadeilannen skjin te hâlden. 'It is in unyk stikje natoer yn Nederlân en ik fyn it belangryk dat it behâlden bliuwt sa't it is', seit it topmodel yn de kampjanje. Foar eltse flesse fan de frisdrank dy't ferkocht wurdt sil ien fjouwerkante meter strân op de Waadeilânnen skjin makke wurde. Dat bart yn gearwurking mei stichting De Noordzee.
'Rommel oprêde'
"Ik kaam as lyts famke al in soad op bygelyks Skylge en ha fan hûs út meikrigen dat je rommel oprêde", sei Kroes tongersdei yn it Omrop Fryslân-programma Weistra op wei. "At myn bern wat grutter binne wol ik se ek seker meinimme op fakânsje nei ien fan de eilannen, ik hoopje dat sy der likefolle fan genietsje kinne as ik eartiids."