Start 'edukatyf Iselmarfiskje'

Ek yn de takomst bliuwt der wurkgelegenheid op de Iselmar. Dat sei foarsitter Nooitgedagt fan it Fiskersbûn freed by de start fan 'edukatyf Iselmarfiskje'.
Trije fiskkotters út Hylpen en Starum giene de Iselmar op mei Hylper skoalbern oan board om op iel te fiskjen.
Doel wie om de bern ûntdekke te litten hoe't it libben fan in Iselmarfisker der útsjocht.
Nooitgedagt sei dat der net allinnich takomst sit yn de fiskerij mar ek yn oare maritime beroppen. Hy hopet dat troch it projekt mear bern belangstelling krije foar it fiskjen.
Oan it projekt 'Edukatyf Iselmarfiskje' kinne skielk alle Fryske basisskoallen meidwaan.