Twadde Keamer wol gjin boarringen op it Waad

07 jul 2016 - 16:48

As it oan de Twadde Keamer leit, komme der gjin nije boarringen op de Waadeilannen, de Waadsee en de natoergebieten by it Waad. In amendemint dêroer fan de PvdA en de PvdD is fan 'e middei troch de Twadde Keamer oannommen. Ek wol de Keamer graach dat de bewiislêst foar ierdbevingsskea omdraaid wurdt. Dat soe betsjutte dat net de slachtoffers fan de ierdbevingsskea, mar de mynboubedriuwen bewize moatte oft der wol of gjin skea oanrjochte is troch de mynbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)