Bonken fûn by rioelwurksumheden yn Warkum

07 jul 2016 - 16:26

By rioelwurksumheden yn it sintrum fan Warkum binne woansdei bonken oantroffen. Der binne ferskate bonken fûn en in skedel. It giet om de resten fan tenminste ien persoan, mar der is gjin sprake fan in folslein skelet. De bonken kamen oan it ljocht by graafwurksumheden om it rioel te ferfangen by de Sint Gertrudistsjerke, krekt bûten it begraafplak fan de tsjerke. It giet dêrom net om resten út besteande grêven. It is noch net dúdlik hoe't de minsklike oerbliuwsels hjir telâne kaam binne.

Nei alle gedachten lizze de bonken al op dit plak sûnt it rioel yn de foarige iuw oanlein is. De gemeente Súdwest-Fryslân lit ûndersyk dwaan nei de fynst. Dêrnei wurde de bonken opnij begroeven.

Trefwurden: 
bonken bonkeresten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)