Rykswettersteat: oarsaak steuring Ofslútdyk wie nij systeem

07 jul 2016 - 14:51

De steuring fan fan 'e moarn yn de brêge bij de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk hie te krijen mei it wurk oan it slûzekompleks. Dat seit Rykswettersteat. De steuring kaam troch de fernijing fan de systemen. Dêrtroch waard der fan 'e moarn hieltiten in needstop makke. Dat wie nei alle gedachten in bernesykte.

Rykswettersteat fynt it hiel ferfelend dat it sa faak misgiet. Der is no hieltiten in monteur en dy besiket de problemen sa gau mooglik op te lossen. Dat is alles wat der oan dien wurde kin. Rykswettersteat ferwachtet dat it wurk noch oant septimber duorret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)