Brêgewippers yn byld: brêgeboekje presintearre yn Snits

In spesjaal boek fan fotograaf Rik Denekamp fan Warkum waard tongersdei presintearre. It giet om it brêgeboekje, dêryn stean 30 fan de 70 brêgewippers dy't yn Súdwest-Fryslân de brêgen betsjinje. It boekje leit by jachthavens, wettersportwinkels en VVV-kantoaren yn de gemeente. It is benammen bedoeld foar wettersporters dy't wolris witte wolle wa't dy brêgewippers binne.
Yn it brêgeboekje stiet ek ynformaasje oer de ferskate farrûtes en wat der sa al te belibjen is. Denekamp wol fan alle gemeenten yn Fryslân in brêgeboekje meitsje. Net allinnich fanwege de brêgewippers, ek om de brêgen sels ûnder de oandacht te bringen.